Kracht in de Nacht met Boomsma Beerenburger

Kracht in de Nacht met Boomsma Beerenburger

De krêft fan Grutte Pier wie net te mjitten. De striid fan de Fryske folksheld fûn ek plak yn ’e nacht. De krêft yn dy nachten is de ynspiraasje foar dit bier ‘Kracht in de Nacht’.

De flesse is ljochtticht troch in matte laach en hat 12 moanne lein te rypjen op in koele lokaasje. Yn dy perioade fan besinning ûndergiet it bier in smaakevolúsje en ûntwikkelet it syn krêft.

Troch it tafoegjen fan de tige smaakfolle Boomsma Bearenburch is dit bier noch komplekser wurden.

Skaaimerken:
Degustaasjebier, ûnfiltere en boppegêstjend.
Alkoholpersintaazje: 11,5%
Skinktemperatuer: 11-12°C

Rook: Laurier, moutich, kofje en dûnker fruit.
Smaak: Roastere mout, drop, figen, bearenburchkrûden en resinen.
Mûlgefoel: Sjerperich en byinoar lûkend.
Neismaak: Lang en smaakfol, drop, resinen en ferwaarmjend.

Yngrediïnten:

Koarn

Sûkelademout

Hop

Gêst

Boomsma Bearenburch

Leeftijd check